Weryndieling Fryslân 2018

7 gemeenten, 3 weryndielingen, 1 weryndielingsûntwerp

Op 1 jannewaris 2018 wolle 7 Fryske gemeenten weryndiele: it Bildt, Frjentsjerteradiel, Ljouwert, Ljouwerteradiel, Littenseradiel, Menameradiel en Súdwest-Fryslân. It foarstel is dizze gemeente gear te foegjen nei 3 nije gemeenten: Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Waadhoeke. Troch de krêften te bondeljen kinne wy jo better betsjinje yn de takomst. De 7 gemeenten hawwe mei inoar 1 foarstel foar dizze 3 weryndielingen makke; it weryndielingsadvys.

Weryndieling Fryslân 2018

Wêrom ien weryndielingsûntwerp foar trije weryndielingen?

De 7 gemeenten en 3 weryndielingen binne ferbûn troch de opsplitsing fan de gemeente Littenseradiel. Dizze gemeente splitst har nammentlik op en wurdt ferdield oer Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Waadhoeke. Dêrom hawwe de 7 gemeenten 1 weryndielingsadvys opsteld. De nije gemeenten sjogge der sa út:

1. Ljouwert: Ljouwert, Ljouwerteradiel en foar in part Littenseradiel
2. Súdwest-Fryslân: Súdwest-Fryslân en foar in part Littenseradiel
3. Waadhoeke: Frjentsjerteradiel, Menameradiel, it Bildt en foar in part Littenseradiel

Wetsûntwerp weryndieling ek troch Earste Keamer

It wetsûntwerp wie op tiisdei 7 maart oan ‘e oarder yn de Earste Keamer. It foarstel is as hammerstik ôfdien.

Wetsûntwerp weryndieling troch Twadde Keamer

Woansdei 8 febrewaris is it wetsûntwerp behannele yn de Twadde Keamer. Sa as ferwachte is de behanneling fan de wet goed ferrûn. Tiisdei 14 febrewaris waard stimd en it foarstel oannommen.

De ministerried stimt yn mei weryndielingsfoarstel

De ministerried hat op 2 septimber ynstimd mei it weryndielingsfoarstel oan de Ried fan Steat. Dat betsjut dat de wetsfoarstellen no yntsjinne wurde by de Twadde Keamer; op dat stuit binne de teksten ek iepenbier. It kabinet stribbet nei ynfiering fan dy weryndielingen fan 1 jannewaris 2018 ôf.

Provinsje akkoart mei weryndieling

Op 28 juny hawwe Deputearre Steaten in positive sjenswize fêststeld oer de weryndieling fan de gemeenten Frjentsjerteradiel, it Bilt, Ljouwert, Ljouwerteradiel, Littenseradiel, Menameradiel en Súdwest-Fryslân. It kolleezje advisearret it kabinet om mei de weryndieling yn te stimmen. Tegearre mei it weryndielingsadvys fan de gemeenten moat dat foar 1 july oan de minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes tastjoerd wurde.

Op de hichte bliuwe fan de weryndieling yn jo gemeente

Op dizze webside fine jo it weryndielingsûntwerp en ek it weryndielingsadvys fan de 3 nije gemeenten. Op de webside fan jo eigen gemeente fine jo mear ynformaasje oer de weryndieling. Klik dêrfoar hjirboppe op it logo fan jo gemeente.

De gemeenterieden nimme in beslút oer it weryndielingsûntwerp. Hjirnei leit it dokumint 8 wiken op besjen.

Novimber 2015

De gemeenterieden nimme in beslút oer it weryndielingsadvys.

April 2016

Definityf weryndielingsadvys nei Provinsje Fryslân. Deputearre Steaten jout har sjenswize.

April 2016

Provinsje Fryslân stjoert weryndielingsadvys nei ministearje fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (BZK).

Juny 2016

Behanneling wetsûntwerp yn de Earste en Twadde Keamer.

Septimber 2016 – maaie 2017

Publikaasje weryndielingswet.

Septimber 2017

Weryndielingsferkiezings gemeenteried fan de 3 nije gemeenten.

22 Novimber 2017
Eindpunt

Weryndielingsgemeenten fan start.

1 Jannewaris 2018